Ferkiezingsprogram

Ferkiezingsprogram PvdA Noardeast-Fryslân 2022-2027

By de PvdA Noardeast-Fryslân stiet de minske foarop. Dêrom stiet by ús it wolwêzen foarop en net de wolfeart Wy wurkje foar in mienskip, wêryn elk lykweardich is, yn frijheid libbe wurde kin en foar elkenien de wissichheid fan it bestean jildt.De PvdA set him yn foar mins, dier, natuer en omjouwing, mei in bysûndere oandacht foar elkenien dy’t kwetsber is en wol in bytsje help brûke kin; mins èn dier.

Yn ús gemeente moat elkenien libje yn in skjinne, griene en duorsume omjouwing. Wy sette ús yn foar Greendeals. Dit binne Jeropeeske subsydzjes, wêr’t jo it klimaat en it miljeu mei ferbetterje kinne. Dat is nedich foar in skjinne en duorsume takomst foar ús bern èn bernsbern.

Betelber wenjen moat mooglik wêze foar jong en âld yn Noardeast-Fryslân! Kreative oplossings – lykas bygelyks tinyhouses en kangeroewenningen – mooglik meitsje. It opkeapjen fan wenningen en gebouwen troch saneamde húskemelkers sille wy safolle mooglik tsjingean. 

Foar de PvdA Noardeast-Frysland binne dieren gjin gebrûksfoarwerp, mar heare se, as buorkerijdier, hobbydier, yn it wyld of as húsdier net misbrûkt  te wurden . Dit betsjut dat wy net meiwurkje oan puppyfabriken of bargeflats, mar wol natuer-ynklusive lânbou stimulearje sille. 

As PvdA sette wy ús yn foar in gemeente dy’t sèls inisjativen nimt en dy’t net alles oerlit oan it partikulier  inisjatyf. Wy steane foar in gemeente dy’t him ûntwikkelt, in gemeente dy’t sinjalearret, antisipearret en kreatyf is. Een gemeente dy’t pro-aktyf is en ynnovative ûntwikkelingen NET út de wei giet. In konkreet foarbyld is: ús pro-aktive hâlding tsjin de ûntwikkeling fan wetterstof oer, de enerzjydrager fan de takomst.  

De PvdA set him yn  foar ynnovative projekten foar ûnderwiis, sawol op de basisskoalle as yn it fuortset- en beropsûnderwiis. Wy stimulearje ûnderwiisfoarmen, dy’t ús bern sa goed as mooglik tariede op in goede takomst. Us gemeente sit noch hieltyd ûnder it lanlik gemiddelde as it giet om taalefterstannen. Dit is net akseptabel. Wy sille der alles oan dwaan om dizze efterstân fuort te wurkjen. Kontakten tussen dosinten en learlingen út it fuortset ûnderwiis mei regionale ûndernimmers moat stimulearre wurde.

Kieze foar de PvdA betsjut kieze foar: 

  • It oanpakken fan earmoede. Benammen earmoede ûnder bern en minsken op leeftiid. Troch maatwurk en effisjinte skuldhelpferliening.
  • Bemiddeling en stipe by it finen fan (net) betelle wurk foar ynkommen en/of dat jo de dei mei in doel trochbringe, binne needsaaklik om iensumheid en isolemint foar te kommen, of op te heffen.
  • Organisaasje dy’t har dwaande hâlde mei sosjaal wurk, ferienings dy’t har ynsette foar buert-, wyk- en doarpsbewenners dy’t help en stipe nedich hawwe krije mear jild en oandacht foar har ynset en aktiviteiten
  • Wy sette ús yn foar in ynklusive mienskip: elkenien telt mei. Minsken útslute op grûn fan geslacht, ras of seksuele foarkar wurdt net akseptearre.
  • Grûnspekulanten en projektûntwikkelers wurde oan bannen lein. Us moatte bougrûn keapje kinne. Sels, of yn gearwurking mei oare partijen, moatte wenningen bout wurde kinne dy’t te beteljen binne foar ynwenners mei in leech- of middenynkommen.
  • By de wenningbouferienings en oaren dy’t wenningen yn besit ha moat der op oanstien wurde om yn de doarpen foaral wenningen te bouwen en net te slopen. Dan kinne âlderen en jongeren yn har eigen doarp wenje bliuwe. 
  • Ynwenners fan in doarp krije by de wenningtawizing de foarkar boppe kandidaat-hierders fan bûten it eigen doarp.
  • Der wurdt socht om (mear) gearwurking as it giet om tema’s dêr‘t ûnderwiis, bern en jongeren in rol spylje. Hjirby kin tocht wurde oan ynteraksje mei skoallen, biblioteken, sosjaal wurk ensfh.
  • Fan út de oertsjûging dat bern ús takomst binne, wolle wy har mear belûke by saken yn ús gemeente. Wy wolle dêrfoar in berneried oprjochtsje.
  • Der komt mear oandacht foar de ferkearsfeiligens, benammen dêr’t it giet om maatregels om 80 km-wegen feiliger te meitsjen foar fytsers. Foaral de wegen, dy’t gjin apart fytspaad hawwe.
  • It stimulearjen fan oerlis mei ûndernimmers. As gemeente wolle en moatte wy better sichtber wêze foar ús ûndernimmers.
  • De eigen identiteit, kultuer en Fryske taal fertsjinje alle oandacht.
  • Wy sette ús yn foar it behâld fan histoaryske gebouwen, -gebieten en histoaryske stêds- en doarpsgesichten. It histoarysk karakter fan it Bolwurk mei net oantaast wurde troch de bou fan in fuotgongersbrêge.
  • Der wurdt maksimaal ynset op belied, projekten en inisjativen, dy’t de biodiversiteit befoarderje en klimaatferoaringen minimalisearje. Hjirby is gearwurking nedich mei agrariërs, maatskiplike organisaasjes, skoallen, pleatslike belangen ensfh.
  • Ynwenners beslisse mei oer hoe’t jild foar harren doarp, stêd of wyk bestege wurdt.
  • Der komt belied foar it wolwêzen fan dieren. Fergunnings foar bedriuwsmjittige “puppyfabriken” wurde net ôfjûn. Foar mega-fabryksstâlen en bargeflats is yn ús gemeente gjin plak. Fansels wurde natuerfreonlike- en dierfreonlike greidbuorkerijen stimulearre. 
  • Duorsum en grien bouwen kriget de foarkar by it jaan fan fergunnings.
  • Wa’t ôfhinklik is fan de bystân en kiest om te wurkjen mei wat ekstra’s hâlde sûnder dat dit gefolgen hat foar de hichte fan it ynkommen fanút de bystân. Koartsein: wurkjen wurdt beleanne en net ôfstraft.
  • It ferlege ynformele soarchtaryf wurdt wer ynfierd oerienkomstich it lanlik gemiddelde, ynstee fan it no jildende minumumbedrach. Der is streng tasicht op it neikommen fan it formele soarchtaryf. 
  • Der komme mear opliedingsplakken foar praktykûndersteuners Geastlike Sûnenssoarch.
  • Alle ynwenners moatte in betelbere oansluting op de glêsfezel krije kinne.
  • De enerzjytrânsysje moat stimulearre en fersneld wurde.

De PvdA Noardeast-Fryslân is tsjin: 

  • Grutte ynfrastrukturiele projekten, lykas in nije tagong ta de stêd, in fuotgongersbrêge oer de grêften en dat soarte fan projekten. It jild dat dêr yn stutsen wurdt besteegje wy leaver oan it wolwêzen fan ús ynwenners.
  • Besunigjen op ynstellingen, organisaasjes en oaren, dy’t dwaande binne foar de eigen ynwenners.
  • Der wurdt net besunige op ynstellingen foar keunst en kultuer.
  • Grutte projekten yn de toeristyske ekonomy, útsein it projekt “Holwerd aan Zee”, fanwege de natuerfunksje fan dit plan.
  • Elke meiwurking oan saken dy’t de floara en fauna fan ús gemeente bedriget, lykas de gaswinning en it kommen fan net-miljeufreonlike bedriuwen.
  • It bouwen, opsetten en ynrjochtsjen fan djoere gemeentlike gebouwen
  • It ynhieren fan eksterne krêften as de needsaaklike kennis en ynset ek fûn wurde kin by ús eigen amtners.
  • Wy besunigje net op it sosjaal domein.
  • Wy wurkje net mei oan in eventuele opslach fan kearnôffal yn sâltkoepels by Ternaard.

Gearfetsjend:

  • Folle mear gemeentlike ynset om earmoede te bestriden, mei de klam op âldere minsken en bern.
  • De gemeente moat regy nimme op de wenningmerk. Grûnspekulaasje wurdt tsjingien en ûnearlike konkurrinsje wurdt bestriden.
  • Op foarhân wurde (wer) wenningen bout yn doarpen, ek wêr’t no gjin fraach nei wenten wêze soe.
  • Der komt ûndersyk nei in sosjaler tawizingsbelied by de hierwenningen.
  • Mear gearwurking mei it ûnderwiis by maatskiplike tema’s.
  • De ferkearsfeiligens moat ferbettere wurde. Benammen op de 80 km-wegen. Fytsers krije mear romte. Der komt in maksimumsnelheid fan 60 km yn it bûtengebiet. 
  • Aktive ynset foar in grienere en duorsumer gemeente mei in rike biodiversiteit.
  • Mei-útwurkje fan plannen en inisjativen dy’t tsjin de klimaatferoaring yngiet.
  • Ynwenners hawwe ynspraak oer finânsjes, de wrâld wêr yn se ferkeare en situaasjes fan it wenjen
  • Mear oandacht foar en kontakt mei de ûndernimmers. Amtners dogge har wurk mear bûten it gemeentehûs. Kontakten mei benammen de lytse ûndernimmers wurdt oanhelle.
  • Behâld fan de Fryske identiteit en kultuer. Gjin oantaasting fan histoaryske gebouwen en – omjouwing.