Spearpunten

Wissichheid

foar

elkenien

Spearpunten

foar

de gemeente

Noardeast-Fryslân

2019 – 2022

Partij van de Arbeid

Wissichheid

Wissichheid is wat wy allegearre hawwe wolle.

En ek al wurdt hieltiten sein dat wy it fantastysk hawwe yn ús lân, foar hiel wat minsken is dat gjin wissichheid. .

Wa is der alhielendal wis fan syn of har baan, wenning, takomst ?

Allegearre saken dêr’t men tsjintwurdich fan ferwachtet dat jo it sels allegearre wol regelje. En as dat dan dochs net slagget is de gemeente der om jo te helpen jo saken wer op te pakken. 

Soe it net folle moaier wêze as jo holpen wurde, foar’t it mis giet ? As jo mei fragen of problemen earder oan de bel lûke kinne ? Fansels. Mar dan moat de gemeente dêr wol mear foar iepenstean. 

De ferantwurdlikens foar sa’n iepen hâlding leit by de gemeenteried. Om’t der meikoarten in nije ried foar de nije gemeente Noardeast-Fryslân keazen wurdt kin elkenien dêr ynfloed op hawwe. 

Dan moatte yn dy ried minsken sitte, dy’t dat ferlet oan wissichheid foar de takomst ek trochhawwe. Om’t se dy wissichheid sels ek wolle. Om’t se hjirre wenje, wurkje en in húshâlding begjinne  wolle.

Dy lokale minsken hawwe har ferienige op de list fan de PvdA Noardeast-Fryslân. Allegearre minsken, woartele yn de nije gemeente. Mei de oertsjûging dat wy mekoar bystean moatte. Dy minsken fine dat dyselde hâlding ek ferwachte wurde mei fan it gemeentebestjoer.

Graach wolle wy jo ús earste 5 kandidaten foarstelle:

  • 1. Gryte Schaafstal, (Kollumersweach). Mem fan 3 bern, dy’t alle trije op de basisskoalle sitte. Mei dêrby hearende fragen: hoe komt it mei harren oplieding, sûnens en takomst.
  • 2. Kootje Klinkenberg, (Moarre). Sels al in skoft mei pensjoen, mar dei en nacht dwaande mei de minsken dy’t in soad wissichheden misse. Jong en âld.
  • 3. Kevin Merkus, (Kollum). Dosint maatskippijfakken. Is dus alle dagen dwaande jonge minsken op wei te helpen yn harren groei nei folwoeksenens.
  • 4. Roel Ruben, (Blije). Set him altyd yn foar dejingen ûnder ús, dy’t oaren oer de holle sjogge.
  • 5. Geert Bril, (Mitselwier). Folsleine ynset op duorsumens en de mooglikheden foar elkenien.him dêrfoar yn te setten.
  • Sy en al ús oare kandidaten hawwe deselde winsken, ferwachtingen en ûnwissichheden as jo en wolle har och sa graach ynsette om jo en ús ideeën dêr oer yn de nije gemeente hearre te litten.

De PvdA Noardeast-Fryslan set har yn om yn de nije gemeente de folgjende saken sa folle mooglik oerein te krijen of te hâlden:

Dit binne wat ús oanbelanget de 7 haadsaken, dêr’t elkenien yn Noardeast-Fryslân him ek soargen oer makket.Fansels hâldt in gemeente har mei noch folle mear dwaande, mar earst as dizze 7 punten foar elkenien goed regele binne is der romte foar mear.

Hjirûnder sille wy foar elk fan dy punten oanjaan hoe’t wy dat berikke wolle. Foar alle oare saken dy’t ús en jo dwaande hâlde hawwe wy ús ideeën op in oar plak op in rige set.

Wy wolle wissichheid fan: