## Wis fan wurk en ynkommen

Wis fan wurk en ynkommen

Wy binne der fan oertsjûge dat wurk en dêrmei ynkommen foar elkenien de bêste kânsen biedt om meidwaan te kinnen. 

Wy wolle dus dat de gemeente der mear oan docht om minsken te helpen oan de slach te kommen.

Want meidwaan en minsken moetsje is derby hearre.

Mar as betelle wurk der, om wat foar reden dan ek, net yn sit, dan helpt de gemeente by it finen fan oare, passende, wurksumheden.

It ferlienen fan mantelsoarch en dwaan fan frijwilligerswurk is wat ús oanbelanget in goede reden om miskien gjin betelle baan, mei alle ferplichtingen dy’t dêr by hearre, te hawwen.

As jo echt oan it wurk geane, wolle wy ek dat it dan echt leanet: jo moatte der op foarútgean as jo wurkje .

De gemeente moat as wurkjouwer sels mear minsken in passende baan oanbiede.

Dêrneist fine wy dat ûndersocht wurde moat oft en sa ja, hoe ’t in basisynkommen of sokssawat hjirby helpe kin.

Sa’t al sein is, fine wy dat wurk de measte kânsen biedt, mar as dat net kin, ek oare foarmen fan ynset foar de maatskippij beleane wurde moat.

De gemeente is ferantwurdlik foar de bystân. Dat belied moat nei ús miening breder opset wurde. It basisynkommen is al neamd, mar ek de taslaggen foar elkenien dy’t him ynset foar de maatskippij heard derby. En dan ek echte taslaggen. Gjin oanfollingen op it minimum, as

in soarte fan beleaning foar goed gedrach. In minimum útkearing is ek echt it leechst mooglike bedrach.