## Wis fan ûnderwiis

Wis fan ûnderwiis

De gemeente is ferantwurdlik foar de bou fan skoallen. Wy fine dat dêrby altiten sjoen wurde moat nei wat in doarp of groep nedich hat. Wy fine dat in skoalle op syn minst 80 learlingen hawwe moatte soe. De takomst fan ús jongerein stiet of falt mei goed ûnderwiis. Mar as ynwenners fan in doarp en de skoalferiening steane foar kwaliteit mei minder learlingen dan steune wy dat. Mooglike nijbou moat dan wol kombinearre wurde mei oare funksjes. Wy tinke dêrby oan berne- opfang, in doarpshûs of oare foar it doarp wichtige saken. 

De gemeente stipet de gearwurking of ynelkoar opgean fan skoallen mei ûnderskate libbensoertsjûgingen.

Foar it fuortset ûnderwiis moat in dekkend netwurk tichteby hûs bliuwe. Dit betsjut soksoarte fan skoallen yn Dokkum (it sintrum), Ferwert (de westkant) en Kollum (de eastkant).