## Wis fan soarch

Wis fan soarch

In soad soarch wurdt troch de gemeente organisearre. De jeugdsoarch en de soarch yn it ramt fan de WMO. Mar foar ús ynwenners soe it net hoege út te meitsjen oft de gemeente, de soarchfersekerder of de lanlike oerheid betellet. Elk kriget de soarch dy’t nedich is. De belutsen partijen, gemeente – soarchfersekerder – lanlike oerheid, regelje wa’t betellet.

De jeugdsoarch en de WMO binne ferantwurdlikheden fan de gemeente. Dizze soarch wurdt tichteby de minsken jûn en yn oerlis, tusken de soarchfreger en de gemeente. 

Foar te kommen is better as genêze. Dêrom binnen wy in grut foarstanner fan previntive soarch. De gemeente moat minsken op ‘e tiid bystean om slimmer foar te kommen. Giet it dochs mis, dan moatte wy der gewoan wêze. Al in skoftke draait alles om meidwaan, de partisipaasjemaatskippij. Mar wat de PvdA Noardeast-Fryslân oanbelanget moat it fierder gean dan allinnich mar te sizzen dat elkenien meidwaan moat. Wy wolle der foar soargje dat it gewoan wer elkenien foar allegearre en allegearre foar elkenien wurdt. Dat wy aktyf stimulearje dat wy der foar elkoar binne. Net allinnich sizze, mar ek dwaan.