## Wis fan in ûnderkommen

Wis fan in ûnderkommen

In dak boppe jo holle is foar elkenien as earste nedich. Dochs binne der noch hiel wat minsken yn ús gemeente dy’t noch altyd sykje nei in wenning. 

Net om’t der te min wenningen binne, mar wol om’t der te min geskikte wenningen binne. In protte grutte wenningen foar húshâldingen, wylst der mear fraach is nei wenningen foar allinnichsteanden. Jong en âld. De gemeente bout sels gjin wenningen. Mar kin wol fêstlizze dat der in bepaald slach wenningen bout wurdt.

Wy sjogge graach mear wenningen foar allinnichsteanden. Foar âlderen yn de foarm fan wenningen of apparteminten dêr’t gjin beheiningen mear besteane. Foar jongeren yn de foarm fan lytsere wenningen, dy’t te beteljen binne. Yn de gruttere doarpen fan ús gemeente bygelyks tiny houses (lytse wenninkjes) 

Foar húshâldingen wenningen, dy’t te beteljen binne, yn de sosjale hiersektor en de frije hiersektor. Of in keapwenning foar in húshâlding dy’t krekt begjint en dy’t soks betelje kinne.