## Wis fan ferbining

Wis fan ferbining

Wy wolle dat ús ynwenners harren by elkoar belutsen fiele, dat der sprake is fan ûnderlinge ferbûnens. Dat kin foar elkoar te wêzen, elkoar by te stean yn tiden dat jo it muoilik hawwe. 

Mar wy tinke dat dy ferbining ek hiel goed te berikken is troch mei elkoar te sporten of fan kultuer te genietsjen. 

Wy wolle dat de mooglikheid foar alle jongeren om harren oan te sluten by in sportferiening fergrutte wurdt. En dat alle ynwenners de mooglikheid bean wurdt om mei te dwaan oan kulturele aktiviteiten. Kulturele Haadstêd 2018 hat ús sjen litten dat kultuer hiel breed is en minsken op in unike wize ferbine kin. Soks wolle wy de kommende jierren fuortsette. En it moetsjen fan de ynwenners op dy wize noch better ta syn rjocht komme te litten.