## Wis fan feiligens

Wis fan feiligens

Feiligens hat in protte kanten. Wat fysike feiligens – it weibliuwen fan kriminaliteit – oanbelanget, sit

Noardeast-Fryslân aan de goede kant. Mar dat hoecht noch net te betsjutten dat alle ynwenners har hjir ek feilich fiele. Sa kin men soms hearre: “Okee, it giet no miskien wol goed, mar ik fernim der net in soad fan en bliuwt it wol goed?”

. 

De wissichheden, dy wy de minsken út ús moaie gemeente biede wolle, helpe by it goed bliuwen fan ús gemeente. De PvdA wol útstriele, dat it mei dy wissichheden goed sit en dat se ek goed bliuwe sille.

.

Ien fan de oare kanten is: feilich oer strjitte kinne: oer goede wegen en goede oanslutingen mei goed ferfier. Wy wolle ús ynsette foar in bettere berikberens. En dat it mei elkoar ferbûn wêze wer fanselssprekkend wurdt. 

Sa’t  al earder sein is ûnder it kopke “Soarch”: wy moatte der foar elkoar wêze.

De PvdA stiet derfoar dat elkenien op deselde wize behannele wurdt. Dit stiet yn artikel 1 fan ús grûnwet, mar komt spitigernôch hieltiten mear ûnder druk te stean. Wy binnen poer tsjin op elke foarm fan diskriminaasje en rasisme. En dat fine wy de gewoanste saak fan de wrâld.