## Wis fan duorsumens

Wis fan duorsumens

Hiel Nederlân moat fan it gas ôf. Sa seit ús minister fan Ekonomyske Saken. Mar hoe’t dat moat seit er der net by. En eigentlik seit er ek net wêrom wy dêr ôf moatte. Offisjeel om’t wy net sa folle langer driuwe kinnen op de gasbel fan Grins. Mar wy witte allegearre dat gas, oalje en stienkoal einich binne. Dat gas, oalje en stienkoal och sa fersmoargjend binne. Dat gas, oalje en stienkoal ús klimaat minder meitsje. Dus fan it gas ôf.

Mar wa betellet de rekken. Litte wy it der oer iens wêze, dat it net ús bern en bernsbern wêze kinne dy’t de rekken betelje. Mar litte wy it der ek oer iens wêze dat der hiel wat ynwenners fan Noardeast-Fryslân binne dy’t net de middelen ha om gau oer te stappen. Wy fine dat de oerheid, yn ús gefal de gemeente, minsken helpe moat by de oergong fan gas nei oare enerzjy. Troch foarljochting te jaan, mar foaral ek troch finansjeel te stypjen. In flotte oergong helpt ús allegearre  úteinlik it bêste.